Artikelen

Padden op houliksreis

De skrik fan Katynke

Op in dei yn maart 2004 kaam myn dochter Katynke ths: Heit, it is ferskriklik, allegearre deariden podden op e dyk yn it wld!

Ik gong der daliks hinne en it wie yndie net bst, fan it krspunt by hotel Tjaarda oant de Belvedrebosk leinen deade podden. Op in oantal plakken wie it ien grutte slachting, in poddesmotslaach op e dyk! Ik begn fan dy dei f de poddelykjes te tellen, sammele allerhande ynformaasje oer it drama en prate mei bewenners fan de Bieruma Oostingwei.

Yn dy tiid ha ik Katynke tasein dat ik der foar soarge soe dat dit massale deariden hjir net wer barre soe. 

 

Aksje fan 'e heit fan Katynke


Foto: Tiny Groustra

Begjin 2005 bik ik nei it gemeentehs gien mei myn telgegevens, ek hie ik oerlis mei de wykamtner en in ferkearsdeskundige. Der kamen poddetrekferkearsbuorden en fsetstekken mei ferbodsbuorden, dy ik fan 19.00 oant 7.00 oere brke mocht. Staatbosbeheer soarge foar foarljochtingsbuordjes en yn Crackstate Nijs, yn e Heerenveense Courant kaan in berjocht oer it tydlik gedieltelik fsluten fan it autoferkear op e Bieruma Oostingwei.

De Bieruma Oostingwei is fan it krspunt by hotel Tjaarda oant de Belvedrebosk in 30 km wei, dy t foar autos al ferbean is. Inkeld bestemmingsferkear is tastien. It illegale trochgeande autoferkear feroarsake de slachting nder de podden. 

 

It poddenlibben

Podden binne by de wet beskerme bisten en sitte yn e winter fuortkrpt yn e grn. As de temperatuur nachts san 5 graden en it fochtich waar is, geane hja op reis nei de fivers fan Oranjestein en de Overtuin. Mei harren koarte poatsjes gean se krpendewei (in pod springt net as in kikkert) stadich werom nei it wetter wr hja sels as dikkopke opgroeid binne. De mantsjes kinne de wyfkes op e B.O.wei moai oankomme sjen en besykje op e rch fan de gruttere wyfkes mei te liftsjen nei it wetter. As in mantsje by fersin op in oar mantsje klimt, dan lit it nderste mantsje in apart ldsje hearre en wurdt wer loslitten. Dit ld ha ik ek wol ris heard as ik foarsichtich mei de finger op syn rch drukte.

It oarstekken fan e dyk giet mar stadich en de podden bliuwe bytiden ek wat langer sitten omdat it asfalt wolris wat waarmer is as de boskgrn.

Autobannen kinne dan  podden plat ride, mar de sging fan de luchtdruk fan in hurd ridende auto tilt in pod op en kletst him bgl. tsjin de nderkant fan e auto en dan wer op e dyk. Ik ha wol podden fn dr t op it earste gesicht neat oan like te markearen, mar dy t wol dea wiene.

Yn it wetter besiket elk mantsje in wyfke fst te pakken en dan giet it ek wolris mis. Sa seach ik alris yn e fiver fan it lytse hs op Oranjestein (B.O.wei nr. 13) in goudfisk swimmen mei in bliid poddemantsje klemfst om syn hals.

It wyfke fan de pod wikkelt de aikes yn snoeren om wetterplanten en it mantsje lit syn siedfocht los yn it wetter en dan is de brulloft foarby. De wyfkes gean it earst t it wetter en wer werom oer de dyk nei it bosk. De mantsjes wachte noch f as der noch mear froufolk oankomt en gean letter werom.

As de omstannichheden geunstich binne krioelt it dan fan e dikkopkes (larven) yn e fivers en krpe der hnderten lytse podsjes letter yn e simmer oer de grn. In lyts part derfan sil as hja san 3 of 4 jier ld binne op de houliksreis de B.O.wei nachts graach feilich oerstekke wolle. 

 
Hein van der Vliet / maart 2016

« terug naar overzicht artikelen